Aksje tsjin stellerij pinpas

Undernimmers fan supermerken yn Dokkum en Ljouwert sette dizze wike in streek op de grûn foar it pinapparaat. Klanten krije sa mear privacy. Doel is om pinpasstellerij tsjin te gean. As je yn de rige foar de kassa steane, moatte je efter de streek bliuwe. Sa kin de pinkoade net ôfsjoen wurde. Oanlieding foar de aksje is de stellerij fan twa pinpassen heal febrewaris yn Dokkum.
By in supermerk oan de Hantumerwei binne doe in 62-jierrige frou út Ternaard en in 74-jierrige doarpsgenoate bestellen fan harren pinpas, neidat dieven de pinkoade ôfsjoen hienen. By frou Fokkema waard de beurs stellen en de dieven stopten der in neppaske yn. By it pinnen toetste se trije kear de koade yn mar dy die it net. Sa koene de dieders har koade besjen en mei de echte pas jild opnimme.