Miljoenen nei haven yn Heech

17 mrt 2014 - 22:26

De passantehaven Heegerwal yn Heech wurdt foar miljoenen euro's opknapt. It giet ûnder oare om in nij toiletgebou, in oare yndieling fan de haven en oanlisplakken foar grutte jachten fan 12 oant 15 meter en noch grutter. Dy kinne no net yn de haven lizze. Fierders krijt de Stifting Fryske Tsjotter in plakje yn de haven. Der komme alle jierren 40.000 passanten en om dat oantal te behâlden, moat der ynvesteard wurde om de saak by de tiid te hâlden.

It wurk wurdt ynkoarten oanbestege en moat ein 2015 klear wêze.

Trefwurden: 
Heech Heeg passantehaven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)