KNVB: Van Basten hat punt

17 mrt 2014 - 18:05

De KNVB hat begryp foar de lulkens fan Marco van Basten dit wykein oer de trijedûbele straf foar Christian Kum. It fuotbalbûn sil besjen oft it mooglik is om de regels oan te passen.

Kum makke yn de wedstriid tsjin Feyenoord in oertreding yn it strafskopgebiet. Dêrfoar krige er in penalty tsjin en in reade kaart, en ek wachtet him in skorsing. Van Basten fynt dizze trijedûbele straf ûnrjochtfeardich en liet dat foar de kamera's fan FOX Sport oan it hiele lân witte.

De KNVB sil no in tal gefallen wêryn't de trijedûbele straf tapast is, foarlizze oan de IFAB, de spulregelkommisje fan wrâldfuotbalbûn FIFA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)