Kettingbotsing op N355
Op de N355 ter hichte fan Noardburgum hat even foar fiven in kettingbotsing west. Dêrby binne fjouwer auto's belutsen. Ien bestjoerder hie pine yn de nekke nei de botsing. It ferkear op de Ryksstrjitwei ûnderfynt hinder fan de kettingbotsing.