Earste asfalt Sintrale As

17 mrt 2014 - 17:13

Yn Damwâld hawwe skoalbern moandeitemiddei mei de deputearren Johannes Kramer en Sietske Poepjes it offisjele startsein jûn foar de wurksemheden oan de Sintrale As tusken Dokkum en De Westereen. Oannimmer Heijmans sil de kommende twa jier dwaande wêze mei de oanlis fan in dûbelbaans autodyk. By Feanwâlden wurdt in spoarûndertrochgong makke.

Yn 2015 moat de nije dyk tusken Dokkum en Nijegea-Drachten klear wêze. It trasee by Damwâld is it earste diel fan de Sintrale As dêr't asfalt lein wurdt.

Trefwurden: 
Sintrale As Damwâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)