'Wêr bliuwt myn stimkaart?'

17 mrt 2014 - 17:02

Likernôch achthûndert ynwenners fan de gemeente Ljouwert hawwe de gemeente frege wêr't de oprop foar de gemeenteriedsferkiezings fan woansdei bliuwe. 'Dy kom net', wie it antwurd dat se fan de gemeente te hearren krigen.

Krekt as yn Hearrenfean en De Fryske Marren hoecht kommende woansdei yn Ljouwert net stimd te wurden foar de gemeenterie. Dêr is yn novimber al foar stimd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)