FNP wol skoalkoöperaasjes

In lytse skoalle
Troch koöperaasjes te foarmjen kinne lytse basisskoallen iepen bliuwe. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân wurde neffens de FNP tsien lytse basisskoallen mei sluting bedrige. De partij trúnet oan op in proef mei nije koöperaasjes fan dy skoallen, om se sa behâlde te kinnen. De gemeente soe de foarming fan sa'n gearwurkingsferbân stypje moatte.
It is fan grut belang foar de leefberens yn de doarpen en stedswiken dat basisskoallen bestean bliuwe, is de FNP fan betinken. De partij sil dêr mei de lanlike Coöperatie van Kleine Scholen oer prate.