Gers it grienst yn Fryslân

De gerslannen yn Fryslân binne op it stuit de grienste fan hiel Nederlân. Dat meldt natuurbericht.nl. Buro Alterra fan de WageningenUniversiteit hat der ûndersyk nei dien. Troch de oanhâldende waarmte is Nederlân yn fergeliking mei begjin febrewaris al goed 20 persint griener wurden. It ferskil mei ferline jier is grut.
Op 10 maart wie Nederlân hast 20 persint griener as maart 2013. Yn Fryslân is it gers no 50 persint griener as ferline jier.