WK sulver Sjinkie Knegt 1000 m

Sjinkie Knegt hat krekt as in jier lyn it sulver wûn op de kilometer by de wrâldkampioenskippen shorttrack. Yn Montreal wie allinne de Rus Victor An, seisfâldich Olympysk kampioen, rapper. An pakte letter ek de wrâldtitel algemien. Om de finale fan de 1000 meter te heljen hie Knegt in mirakel nedich. De Bantegeaster lei tredde, mar koe de punt fan syn reed krekt twatûzenste earder oer de einstreek triuwe as de Amerikaan JR Celski. Yn Sotsji by de Olympyske Spelen helle Knegt brûns op de 1000 meter. Ek doe wûn Victor An.