Hearrenfean ferliest mei 2-0

16 mrt 2014 - 16:29

SC Hearrenfean hat snein mei 2-0 ferlern fan Feyenoord. Yn De Kuip smieten kânskes oan beide kanten yn de earste helte gjin goals op. Nei rêst kaam Feyenoord goed út de startblokken mei in betide treffer fan Ruud Vormer. Hy sette de Rotterdammers yn de 48e minút út in frije traap op foarsprong. Lex Immers soarge mei in skot yn de koarte hoeke foar de 2-0.

Yn de 72e minút waard it noch soerder foar Hearrenfean doe't ferdigener Chris Kum read krige en Feyenoord in penalty. Kristoffer Nordfeldt brocht rêding, wêrtroch't it 2-0 bleau.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)