Muoisume winst Snits Wyt Swart

16 mrt 2014 - 15:59

Snits Wyt Swart Boso Snits hat snein mei 3-2 wûn fan Hoogeveen. Op eigen fjild sette Erolind Derguti de Snitsers nei 4 minuten op foarsprong. In kertier letter stie de lykmakker op it boerd. Op slach fan rêst soarge Sean de Ruiter mei de 2-1 op 'e nij foar de Snitser foarsprong.

Daniël Bennik bekroande syn rentree nei rêst mei de 3-1. Hoogeveen joech him noch net ferlern en kaam yn de 72e minút op 3-2. De Hoogeveenske lykmakker fuort dêrnei waard ôfkard, wêrtroch't de Snitsers de trije punten mei de nedige muoite oer de streek lutsen.

De ploech fan trainer Johan Groote komt troch de winst op 33 punten út 20 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)