Djoer punteferlies foar FVC

FVC hat sneintemiddei djoere punten lizze litten troch it 2-0 ferlies tsjin Quick '20. Op sportpark Wiarda hie de ploech fan trainer Bert Hollander de bêste kânsen yn de begjinfaze. Tsjin de ferhâldings yn wie it Quick '20 dat nei 18 minuten foar de 1-0 tekene. Op slach fan rêst ferrommen de gasten út Oldenzaal de foarsprong nei 2-0.
Nei it skoft moast FVC nei 65 minuten spyljen mei tsien man fierder nei in reade kaart foar Geert Faber. De Ljouwerters besochten it wol, mar slaggen der net yn te skoaren.
FVC bliuwt troch it ferlies op 23 punten út 20 wedstriden stean en sit noch altyd yn de gefarensône as it giet om liifsbehâld.