LDODK slút ôf mei rom ferlies

16 mrt 2014 - 13:42

De kuorballers fan LDODK hawwe de Kuorbal League sneon ôfslette mei in 35-14 ferlies tsjin Koog Zaandijk. Yn Koog aan de Zaan begong de thúsploech fol fjoer. Nei in kertier stie der al in 13-6 foarsprong op it boerd. By rêst wie KZ útrûn nei in komfortabele 22-8 stân. Nei rêst koenen de Zaandijkers útrinne nei in romme sege.

It grutte tal blessueres spile de Gordyksters parten. De ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool moast it dwaan sûnder André Zwart en Marjon Visser. Yn de wedstriid foelen ek Geertje Hoekstra en Jildou Slagmann út.

LDODK slút de sealkompetysje ôf op it 8e plak mei 11 punten út 18 wedstriden.

Trefwurden: 
De Gordyk LDODK kuorballeague
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)