Beswier tsjin hier ferwaarming

Bewenners fan de Ljouwerter wyk De Súdlannen hawwe manmachtich beswier makke tsjin it beteljen fan hier foar de waarmte-ynstallaasje yn de huzen. De wenten binne oansletten op stedsferwaarming. Yn de keapakte stiet dat se gjin hier hoege te beteljen foar de ynstallaasje. Dochs wurdt alle dagen 50 sint yn rekken brocht, fan it momint ôf dat de earste minsken yn de wyk kamen te wenjen. Nei alle gedachten hawwe dy al hûnderten euro's te folle betelle.
Essent is nei oanlieding fan de klachten yn oerlis mei de gemeente Ljouwert.