Fuorferbod nei dea fan geit

16 mrt 2014 - 11:23

Der jildt in fuorferbod foar geiten yn it bistekampke yn Aldehaske. De bisten krigen te folle iten fan de ynwenners en hawwe dêrtroch in aaiwytfergiftiging krige. Ien geitsje is ferstoarn. De oaren binne op hea en wetter set.

It direkte fuorferbod duorret in pear wiken. Om foar te kommen dat it wer misgiet, hat de Stichting Us Lyts Fee in planke ophongen dêr't minsken itensresten en skilen op lizze kinne. Dan kinne frijwilligers fan de stichting de bisten it foer yn poarsjes jaan.

Trefwurden: 
Aldehaske geit
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)