Kontrôle gasnet yn Dongeradiel

Stedin fernijt gasliedings (argyffoto) © Omrop Fryslân
Netbehearder Stedin kontrolearret meikoarten it gasnet yn de gemeente Dongeradiel. De kontroleurs gean it folsleine netwurk bydel. Se kontrolearje de gasliedings oan de foardoar fan wenten en bedriuwen ta. Se brûke in detektor om út te finen oft der mooglik gaslekken binne.
Stedin beheart yn Nederlân 24.000 kilometer oan gasliedings. Alle fiif jierren is der in kontrôle.