Betelle mei falsk jild
In man fan 22 jier út Drachten is sneon oppakt, om't er op de Markt yn syn wenplak mei in falsk biljet fan 50 euro betelle hie. Dêrnei wie er útnaaid. De plysje gie achter de man oan. Se troffen him eefkes letter oan yn syn auto. Dêrnei waard de Drachtster oanhâlden. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.