Man delslein op it Fliet

16 mrt 2014 - 10:31

De plysje hat ôfrûne nacht in 24-jierrige man út Ljouwert oppakt nei in melding fan in slimme mishanneling op It Fliet yn de stêd. Dêr trof de plysje in man oan dy't op strjitte lei. De fertochte soe him yn elkoar slein hawwe. It slachtoffer wie net oansprekber. Hy is nei it sikehûs brocht.

De Ljouwerter wie útnaaid, mar koe nei in koarte sykaksje oanhâlden wurde. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)