ONS stunt op eigen fjild

15 mrt 2014 - 17:06

Topklasser ONS Boso Snits hat sneon op eigen fjild foar in stunt soarge troch mei 2-1 te winnen fan koprinner GVVV. Jacob Noordmans sette de Snitsers al nei 7 minuten op foarsprong. Curty Gonzales krige dêrnei in goede kâns op de 2-0, mar miste. Nei rêst wie GVVV in pear kear ticht by de lykmakker, mar in goede rêding fan keeper Ivan Landlust hâlde de Snitsers op foarsprong. Fiif minuten foar de ein kamen de gasten út Veenendaal dochs op likense hichte. Rody de Boer makke djip yn blessueretiid de ferlossende Snitser treffer.

De ploech fan trainer Bert Hollander komt troch de oerwinning op 35 punten út 24 wedstriden.

Trefwurden: 
Snits fuotbal ONS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)