Folop en rûnom kampanje fiere

Rûnom yn de provinsje binne partijen oan it kampanjefieren op de lêste sneon foar de gemeenteriedsferkiezings. Mear as de helte fan de minsken seit al te witten wêr't se op stimme sille woansdei. De ferwachting is dat de opkomst net heech wurdt. Politisy dogge alle war om minsken it belang fan de ferkiezings by te bringen. Yn Drachten binne ferskate partijen fertsjintwurdige, ûnder har ek de ELP, de Eerste Lokale Partij yn Smellingerlân. Se ha in kameel by har. Yn 21 Fryske gemeenten kin woansdei stimd wurde.