Kollumer driget bern mei mes

15 mrt 2014 - 10:40

Yn Kollum hat de plysje freedtemiddei in 55-jierrige man út Kollum oanhâlden. Op it skoalplein oan de Tsjerk Hiddesstrjitte soe er in tal bern fuortjage ha en dêrby soe er har bedrige hawwe mei in mes. De plysje koe de man yn syn wenning oanhâlde. Hy is ynsletten foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Kollum bedriging
(advertinsje)
(advertinsje)