Ynbrekker naait út, fyts kwyt

15 mrt 2014 - 10:04

In ynbrekker is freedtejûn nei in mislearre ynbraak syn fyts kwytrekke. De man hie besocht in wenning oan De Polle yn Goutum binnen te kommen, mar dat slagge net. Hy naaide út op in fyts. De plysje starte in boargernetaksje en fûn dêrmei de fyts fan de fertochte. Dy is yn beslach naam foar ûndersyk. De ynbrekker sels is noch net fûn.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Goutum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)