Cambuur wint fan RKC mei 3-2

14 mrt 2014 - 22:01

SC Cambuur hat mei de winst fan 3-2 op RKC Waalwyk in prima slach dien om takom jier yn de earedivyzje te bliuwen. De Ljouwerters begûnen fûl oan de wedstriid en kamen al gau op foarsprong troch in goal fan Bob Schepers. In blunder fan keeper Nienhuis betsjutte 1-1. Krekt foar rêst kaam Cambuur wer op foarsprong troch in goal fan Martijn Barto.

Nei rêst krigen beide ploegen in soad kânsen en slagge it RKC om yn de 66e minút de lykmakker te meitsjen. Flak foar tiid sleepte Cambuur dochs de winst binnen troch in goal yn de 85e minút fan Manu.

SC Cambuur hat no 34 punten út 28 wedstriden en stiet dêrmei op it 9e plak. De ploech hat no njoggen punten mear as de nûmer lêst yn de kompetysje en dat is NEC.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)