Wer skûtsjewedstriid Eastermar

© Omrop Fryslân
Der komt dizze simmer opnij in skûtsjesylwedstriid op de Burgumer Mar, mei Eastermar as thúshaven. De wedstriid sil wêze yn it wykein fan 21 en 22 juny. Der is keazen foar twa wedstriiddagen, om sa de ynfloed fan it waar opfange te kinnen en om it evenemint wat steviger te meitsjen.
As it sneon gjin sylwaar is, kin der noch útwykt wurde nei de snein. Slagget it wol op sneon, dan kinne der op snein noch oare aktiviteiten plakfine.