Stadion Cambuur stap tichteby

14 mrt 2014 - 19:28

Mei de ûndertekening fan de yntinsjeferklearring tusken de gemeente Ljouwert, Sportklup Cambuur en boubedriuw Dijkstra Draisma is in nij stadion foar Cambuur wer in stap tichterby kommen. Der wiene al earder ôfspraken makke, mar de gemeente hie it ûnderwerp oer de ferkiezings hinne tild. Der binne fiif mooglike lokaasjes foar it nije stadion. Twa dêrfan binne bekend: it hjoeddeistige plak en it terrein achter it WTC Expo. De oare trije opsjes binne noch net bekend makke, om foar te kommen dat de grûnprizen dêrtroch omheech gean sille.

It nije stadion moat plak biede oan 15.000 besikers. Dat is 5000 mear as no. De ambysje is om yn 2017 in nij stadion te hawwen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur stadion
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)