Blokkade wegerders fuort

Earmerkwegerders meie ynkoarten wer fee oan- en ôffiere op de pleats. Dat is it gefolch fan in beslút fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. It formele beslút oer it opheffen fan de blokkade wurdt de kommende dagen bekend makke seit Rob Ludding, advokaat fan de boeren. De earmerkwegerders waard de ôfrûne moannen in blokkade oplein troch de Nederlandse Voedsel- en Waren-Autoriteit, omdat se harren net oan de regels hâlde soene. De hiermûnsters fan nije keallen soene te let opstjoerd wêze.