H'fean praat mei Van La Parra

Sportklup Hearrenfean sil mei Rajiv van La Parra yn petear oer in mooglike kontraktferlinging. Neffens Van La Parra hat Hearrenfean oanjûn mei him te praten oer de mooglikheden. It kontrakt fan de 22-jierrige oanfaller rint oan de ein fan dit seizoen ôf. Van La Parra spilet sûnt 2011 by Hearrenfean mei wikseljend sukses. De lêste wiken hat Van La Parra wer in basisplak.
Van La Parra: "Ik sta overal voor open, maar ben blij dat Heerenveen met me in gesprek wil."