4.5 miljoen foar de eilannen

De provinsje ynvestearret noch dit jier 4.5 miljoen euro yn projekten op de Waadeilannen. Dat is freed ôfpraat by de ûndertekening fan de Streekagenda Waadeilânnen 2014-2020. Doel is om de leefberens en de wurkgelegenheid op de eilannen te ferbetterjen. It is foar it earst dat der in mienskiplik programma opsteld is troch de provinsje, de waadgemeenten en Wetterskip Fryslân. Yn it streekprogramma binne tal fan projekten beskreaun, lykas it oanlizzen fan njoggen strânoergongen.