Merke Wolvegea stiet faai

De peaskemerke yn Wolvegea stiet faai. De gemeente Weststellingwerf hat it kontrakt mei de merke-organisator opsein. Reden dêrfoar is dat de organisator syn finansjele ferplichtings net neikomt. Ek petearen tusken gemeente en de organisator biede gjin oplossing.
De gemeente is op dit stuit yn oerlis mei inkele ûndernimmers út Wolvegea om te sjen oft sy in rol spylje kinne yn de organisaasje fan de merke.