Jongerevoucher útdield

14 mrt 2014 - 14:06

Hessel Bouma, eigener fan aktiviteitepark Aventoer yn Burgum, hat freed de earste jongerevoucher fan de gemeente Tytsjerksteradiel krigen. De bon is ûnderdiel fan in aksjeplan tsjin jeugdwurkleazens. Undernimmers dy't jongerein yn tsjinst nimme, krije in subsydzje fan 2500 euro fan de gemeente. Ek Achtkarspelen hat de earste vouchers útrikt. Dêr krige Bijkon Staal-en Systeembouw op De Harkema de earste sjek. De gemeenten krije jild fan it Europees Sociaal Fonds foar dit projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)