Team CLAFIS presintearre

14 mrt 2014 - 12:09

Yn it nije reedrydteam fan Jillert Anema sil altyd plak wêze foar Sven Kramer. Freed waard it nije team fan Anema presintearre yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Yngenieursburo CLAFIS fan It Hearrenfean is de nije sponsor. Njonken coach Jillert Anema meitsje ek Jorrit Bergsma, Arjan Stroetinga en Bob de Vries diel út fan it team. Se stappe mei Anema oer fan de BAM-ploech, dy't ophâldt te bestean. Bob de Jong stapt net mei oer nei de nije ploech. Anema en syn riders tekenje in kontrakt foar twa jier by CLAFIS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)