Ljouwerteradiel wol wenten

Wenningbou © ANP XTRA
Ljouwerteradiel wol tusken de 75 en 100 wenten bouwe litte yn De Steens yn Stiens. Earder wie der in plan foar goed 350 wenten, mar nei it fallisemint fan ûntwikkeler Nieuwe Borg Ontwikkeling, stiene de plannen faai. De grûn is noch hieltyd fan de gemeente. Ut nij ûndersyk docht no bliken dat safolle wenten ek net mear út kin. Ljouwerteradiel is fan doel om nei de gemeenteriedsferkiezings mei in plan te kommen.