Frou falt minsken oan
In frou fan 18 út Ljouwert hat yn de nacht fan tongersdei op freed minsken oanfallen en klappen jûn. De fertochte woe yn it sintrum fan Ljouwert in freon oanfalle. Ferskate minsken hawwe besocht har tsjin te hâlden. Dêrby hat ien fan de omstanners, in 21-jierrige man, klappen krigen. Ek besocht de frou it hûs fan it slachtoffer, oan it Groot Schavernek, binnen te kommen. Ek dêr hat se klappen útdield. De frou is op strjitte oanholden.