"Ekstreem rjochts yn Fryslân"

Stimkaarten tuskentiidske gemeenteriedsferkiezings © Omrop Fryslân, Willem de Boer
Yn Fryslân dogge twa partijen mei oan de gemeenteriedsferkiezings dy't ekstreem rjochts neamd wurde kinne. Dat seit it anty-fassistyske ûndersykskollektyf Kafka. Op It Amelân giet it om de partij CAO, de Christelijk Arbeid Ondernemend partij. Listlûker fan dy partij is Albert Huizeling. Yn Dongeradiel giet it om de nije partij Artikel 50. Listlûker Lammert Dykstra soe ekstreemrjochtse ideeën hawwe. Neffens Kafka stappe partijen as dizze yn it gat dat de PVV yn Fryslân falle lit.