Poalen oppakt foar stellerij

14 mrt 2014 - 10:47

Fjouwer Poalen binne tongersdei oppakt foar stellerij. De manlju hiene earder op de dei in lânsman fan 61 bestellen by in autobedriuw yn Drachten. It slachtoffer hie in pûde mei jild yn syn auto lizzen. Doe't er eefkes nei it húske wie, hawwe de manlju de pûde meinaam. De stellerij is fêstlein op kamera.

Oan de Firmawei op De Jouwer binne de fertochten úteinlik oppakt. Se hiene it stellen jild noch by har.

Trefwurden: 
plysje stellerij plysjenijs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)