A7 ticht om brân frachtwein

14 mrt 2014 - 06:34

De brânwacht hat de A7 fan De Jouwer nei Snits freedtemoarn ôfsletten. By Boarnsweach stie in oanhinger yn brân. De wein siet fol mei stiel en plestik. Der kamen grutte flammen út de frachtwein. Ek wie der in soad reekûntwikkeling. De brânwacht kaam mei meardere weinen nei it plak om it fjoer te bestriden.

De ôfsluting duorret noch wol efkes, yn ferbân mei it neiblussen en it opromjen. It ferkear wurdt omlaat. Om acht oere hinne wie der wer ien rydstrook iepen.

Trefwurden: 
A7 brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)