Skoarstienbrân sintrum Wommels

13 mrt 2014 - 19:19

De brânwacht fan Wommels kaam tongersdeitejûn yn aksje foar in skoarstienbrân yn it sintrum fan Wommels. Krekt nei seis oere kaam der in melding binnen fan in skoarstienbrân oan De Terp. De brânwacht wie rap op it plak en hie de brân al gau ûnder kontrôle. Ek de heechwurker fan Boalsert waard oproppen, mar hoegde net yn aksje te kommen.

Hoe grut de skea yn it hûs is, is noch net bekend. De bewenster fan it hûs rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
Wommels skoarstienbrân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)