Twa jier sel festivaloanrander

13 mrt 2014 - 18:30

De 27-jierrige man út Snits dy't pisjende froulju op festivals lêstich fallen hat, is tongersdei troch de rjochter feroardiele ta 24 moanne finzenis, wêrfan 15 moanne mei betingst. De man hat him yn acht situaasjes skuldich makke hat oan ferkrêfting. Fjouwer kear wie sprake fan oanranding.

De Snitser krige dêrneist in lokaasjeferbod oplein. Hy mei in jier lang net op of yn 'e buert fan festivals komme. Ek stiet er fiif jier lang ûnder tasjoch fan de reklassearring en moat er yn terapy. Syn slachtoffers krigen 3000 euro oan skeafergoeding.

De 27-jierrige Snitser foel de froulju lestich op Lowlands, op de Snitswike en op de Fiskerijdagen yn Harns.

Trefwurden: 
Snits oanranding ferkrêfter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)