'Natueroerlis kin effisjinter'

13 mrt 2014 - 16:27

Fergaderjen oer lânskip, natuer en wetter yn Noardeast-Fryslân kin effisjinter. Dat fynt deputearre Johannes Kramer. Tongersdei ferskynde in rapport mei advizen hoe't dat berikt wurde kin.

Yn plak fan twa kear deis gearkomme komt der ien wurkgroep. Dy is ûnderdiel fan in grutter netwurk mei dêryn de gemeenten Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Sy betinke projekten. De provinsje besiket dêr dan Europeesk jild foar te krijen. Projekten kinne sa gauwer útfierd wurde, ferwachtet Kramer.

Trefwurden: 
Johannes Kramer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)