UNIS Flyers wreed útskeakele

Foar de UNIS Flyers is it seizoen dien nei it 5-2 ferlies by HYS Den Haag. Yn de beslissende sânde wedstriid om in finaleplak - it stie 3-3 yn de bêste fan sân searje - krige de ploech fan Chris Eimers yn de earste perioade in flinke opdonder. Op it eigen iis pakte HYS in 4-0 foarsprong en dêrmei wie it Feanster ferset brutsen. HYS hoegde net mear, de Flyers koe net mear. Nei de perioadestannen 1-1 en 0-1 kaam der in wreed ein oan dizze play-off searje. De Flyers wûnen de earste trije wedstriden.
De searje om de nasjonale iishockeytitel begjint freed mei Tilburg en Den Haag.