Aris gjin bekerfinalist

De basketballers fan Aris hawwe de striid om in finaleplak foar de nasjonale basketbalbeker ferlern fan Leiden. In wike lyn waard it 78-78 yn Ljouwert. Yn Leiden wûn de thúsploech mei 78-63. Healwei wie de stân 41-32, mar Aris kaam sterk werom yn de wedstriid.
Healwei it tredde kwart wie it 44-44. It lêste kwart begûn mei 55-54, Aris kaam in puntsje foar, mar doe rûn Leiden wer út. Aris makke yn it lêste kwart mar 9 punten. Leiden spilet de finale tsjin Grins of Den Bosch.