Akademy siket boubedriuw

De gebouwen fan de Fryske Akademy
De Fryske Akademy set dizze wike útein mei de oanbestegingsproseduere foar har bouplannen, dy't nijbou, renovaasje en restauraasje omfiemje. Yn maaie wurdt begûn mei de sloop fan de gebouwen oan de Grienewei. Dêr komt nijbou en de Akademy krijt in nije haadyngong op 'e hoeke fan de Grienewei en de Doelestrjitte.
It monumintale kompleks oan de Doelestrjitte, ynklusyf it út 1713 datearjende Coulonhûs, wurdt yngeand restaurearre. Foar de bouplannen is 7 miljoen euro beskikber.
Nei alle gedachten kin de bou nei de simmer útein sette en moat yn de maitiid fan 2016 klear wêze.