Deadebetinking De Jouwer faai

Op De Jouwer wurdt takom jier op 4 maaie gjin deadebetinking mear hâlden, as de gemeente de Fryske Marren it skrassen fan de subsydzje echt trochset. Dat seit foarsitter Jan Vermaning fan de 'Stichting Nationale Herdenking'. De gemeente moat de kommende trije jier mear as 7 miljoen euro besunigje. It kolleezje fan b. en w. wol dêrom de bydrage fan goed 2400 euro foar de deadebetinking skrasse. Vermaning fynt dat ûnakseptabel en neamt de besuniging 'in klap yn it gesicht'.
Wethâlder Durk Durksz fan De Fryske Marren seit dat der ek op oare plakken yn de gemeente betinkingen hâlden wurde, sûnder dat de gemeente dêr jild oan jout. De gemeenteried fan De Fryske Marren moat noch in beslút nimme oer it skrassen fan de subsydzje. As de ried de bydrage foar de deadebetinking wol behâlde wol, hat dat gefolgen foar oare sudsydzjes, seit Durksz. Op bygelyks pjutteboartersplakken, korpsen, bibleteken of de sport moat dan mear besunige wurde, sa tinkt hy. Takom wike tiisdei nimt de ried in beslút.