Readsturtsje ferbynt bern

Learlingen fan basisskoale De Oanrin yn Twizel ha woansdei kontakt hân mei bern út Burkina Faso. Fia Skype waard der sprutsen oer de readsturt. In trekfûgel dy't tusken it Afrikaanske lân en Fryslân fleant. De bern ha itselde lespakket behannele wêrtroch eltsenien in soad oer de natuer leard hat. Fûgelbeskerming hat it projekt organisearre. Chris Jan van der Heijden is fan de Fûgelbeskerming en fertelt dat it projekt in grut sukses is. Se wolle dizze selde metoade no op hûnderten oare basisskoalen yn de Fryske wâlden oanbiede.