Yllegale kap beamsingel

12 mrt 2014 - 10:03

De plysje fertinkt in ynwenner fan Kollumerlân fan it yllegaal kappen fan in beamsingel en it graven fan in sleat. De 64-jierrige man soe dat dien hawwe by de Uilkeleane by Feankleaster. It giet om in beamsingel fan 500 meter lang en in sleat fan sa'n 65 meter. De man hat dêr gjin fergunning foar oanfrege.

De boer hat in proses-ferbaal krigen en moat de beamsingel wer oanplantsje. De kealslach docht wethâlder Lieuwe Bijleveld sear oan de eagen. De boer soe it dien hawwe om fan twa stikken lân ien te meitsjen.

De boer yn kwestje woe sels net reagearje. Syn buorlju, dy't op it lân útsjogge wol. De famylje Van der Land fynt dat de gemeente de boer te hurd oanpakt. De boer soe ree wêze om in nije beamsingel te plantsjen.

Trefwurden: 
yllegale kap beamsingel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)