UNIS Flyers noch gjin finalist

De iishockeyers fan de UNIS Flyers binne noch altyd gjin finalist yn de striid om it kampioenskip fan Nederlân. De sechsde wedstriid by HYS Den Haag waard yn de ferlinging mei 3-2 ferlern. Dêrmei komt de stân yn de heale finale op 3-3. Tony Demelinne like by de Feansters de skerprjochter te wurden. Hy skoarde yn de earste en twadde perioade. Ronald Wurm brocht sân minuten foar de ein de spanning werom en fuort dêrnei soarge Raphael Joly foar de lykmakker. Yn de ekstra tiid wie Joly, krekt as ôfrûne snein yn Thialf, foar HYS de echte ôfmakker.
Woansdeitejûn stride beide ploegen yn de beslissende lêste wedstriid op itselde iis foar it finaleplak. De tsjinstanner yn dy finale is al bekend: Destil Trappers Tilburg.