Grutte skea foar Vlieryck

11 mrt 2014 - 21:41

Hotel Vlieryck op Flylân hat tiisdei grutte skea oprûn troch brân yn it reiden tek. De brânwacht koe dreech by it fjoer kommen. In heechwurker fan Harns is mei de boat fan Doeksen nei it eilân brocht om better by it fjoer te kommen. Ek binne brânwachtminsken mei de boat fan de KNRM nei Flylân brocht.

De helptsjinsten hawwe úteinlik in part fan it tek iepenbrutsen om der by te kinnen. Oan it begjin fan de jûn kaam it sein brân meester. De hotelgasten binne ûnderbrocht yn in oar hotel.

Trefwurden: 
Flylân brân Vlierijck
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)