Nominaasje foar bedriuw Balk

11 mrt 2014 - 21:37

Paques Holding út Balk is nominearre foar de prestisjeuze Koning Willem 1 Priis. De priis wurdt op 13 maaie útrikt troch Keninginne Máxima. De priis wurdt alle jierren takend oan in bedriuw dat har ynset foar goed, kreatyf en ynnovatyf ûndernimmerskip.

Paques Holding yn Balk ûntwikkelet in wettersuveringssysteem dat tagelyk ek enerzjy opwekt. De nominaasje is tiisdei bekend makke.

(advertinsje)
(advertinsje)