Brân Flylân ûnder kontrôle

11 mrt 2014 - 13:41

De brânwacht hat tiisdei oan it begjin fan de jûn it sein 'brand meester' jûn op Flylân. Dêr bruts om goed 13.00 oere brân út yn hotel Vlieryck. It kompleks hat in reiden tek. De brânwacht hat it fjoer lange tiid fan binnen en bûten bestriden om't net dúdlik wie wêr't it fjoer krekt wie.

De Harnzer brânwacht hat dêrom in heechwurker nei it eilân brocht mei de reguliere feartsjinst fan Doeksen. De KNRM hat ek ekstra brânwachtminsken nei it eilân brocht om te helpen de brân te bestriden.

Oan de ein fan de middei hat de brânwacht in part fan it tek iepenbrutsen om it fjoer better bestride te kinnen. De gasten binne opfongen yn in oar hotel. In part fan harren koe nei de brân efkes it hotel yn om de bagaazje op te heljen.

Trefwurden: 
Flylân brân Vlierijck
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)