Dörr De Lemmer ticht

Jactbetimmeringsbedriuw Dörr fan De Lemmer hâldt op. © Dörr.nl
It Lemster jachtbetimmeringsbedriuw Dörr giet meikoarten ticht. Neffens direkteur Willem Dörr kin it betimmerjen fan jachten hieltiid minder út fanwege de krisis en fanwege de grutte konkurrinsje út Dútslân. Jachtbetimmeringsbedriuwen yn Dútslân krije mear subsydzje fan de oerheid en kinne dêrtroch goedkeaper wurkje.
By Dörr wurkje 19 minsken. Direkteur Dörr ferwachtet dat dy wol oar wurk fine kinne, omdat it om spesjalisearre fakminsken giet. Guon dêrfan wurkje al 25 jier by it bedriuw.
It jachtbetimmeringsbedriuw begûn yn 1978 yn Eastersee en ferhuze letter nei grutter bedriuwsgebou op De Lemmer. Foar dat gebou wurdt no in oare bestimming socht. Dörr hat njonken it skipsbetimmeringsbedriuw ek noch twa jachthavens, dy draaie goed en bliuwe gewoan iepen.